IM ferfolget twa manlju foar harren oandiel yn deadlik boatûngelok op de Waadsee

In 33-jierrige man út de gemeente Harns en in 47-jierrige man út de gemeente Skylge sille troch it Iepenbier Ministearje (IM) ferfolge wurde foar harren oandiel yn in oanfarring mei deadlike ôfrin op 21 oktober 2022 yn it Schuitengat op de Waadsee. De manlju wienen de skippers fan in (snel)fearboat en in wettertaksy.

By it ûngelok kamen fjouwer minsken om it libben, wêrfan’t in 12-jierrige jonge noch hieltyd fermist wurdt. Dêrneist rekke in oantal minsken, wêrûnder ien fan de skippers, (swier) ferwûne.

Te hurd fearn

Op basis fan meardere ferklearringen, opnamen fan marifoanferkear, de GPS-lokaasjes fan de boaten en de radargegevens konkludearje de offisieren fan justysje dat der troch beide te hurd fearn is op it momint fan de oanfarring. De fargeul dêr’t it ûngelok yn plakfûn, it Schuitengat, is net de oanwiisde fearboatrûte. De maksimale faasje is dêr 20 km/yn’e oere. De (snelle)fearboat hie in faasje fan 55 km/ yn’e oere, de wettertaksy fear 28 km/yn’e oere.

Ûnfeilich

Ek is der neffens it IM net genôch kommunisearre en binne der ûndúdlike ôfspraken makke oer hoe inoar te passearjen. Dêrneist hat de skipper fan de wettertaksy flak foar de oanfarring in ûnbegryplike en ûnfeilige stjoerbeweging makke. Uteinlik koe de skipper fan de fearboat dêrtroch allinnich noch mar oer de wettertaksy hinne farre.

Dea troch skuld

De beide mannen wurdt dea troch skuld en it tabringen fan swier lichaamlik letsel troch skuld ta lêst lein. Ek wurde de beide mannen ferfolge foar it skuldich wêzen oan it ta sinken bringen fan in oare boat mei libbensgefaar of de dea ta gefolch.

It IM hat besletten de saak tsjin de ‘byrider’ fan de fearboat te seponearjen. Hy waard yn earste ynstânsje oanmurken as fertochte, mar hy hat gjin inkelde ynfloed hân op it bestjoeren fan it skip.

It is noch net bekend wannear’t de rjochtbank yn Ljouwert dizze saak behannelje sil.